blog | werkgroep caraïbische letteren

Michaël Slory – Alsof men alles loslaat

Fan Michaël Slory, ien fan de grutste Surinaamske dichters, is dizze moanne by útjouwerij In de Knipscheer de blomlêzing Alsof men alles loslaat ferskynd. Juster besteld, dat moarn, sûnder mis, feest. It is nei Ik zal zingen om de zon te laten opkomen (1991) en Torent een man hoog met zijn poëzie (2012) de tredde grutte blomlêzing út syn wurk.

V.l.n.r. Hilde Neus, Michael Slory, Michiel van Kempen. Foto © Aafke Huizinga

 

Michaël Slory (1935) skriuwt likegoed yn it Nederlânsk, it Sranantongo, de taal dêr’t er yn grutbrocht waard, it Spaansk as yn it Ingelsk dat er yn syn lettere wurk gauris brûkt.

Op de webside fan In de Knipscheer seit Michiel van Kempen, Surinamist, gearstaller fan de Spiegel van de Surinaamse poëzie, oer de yn de Surinaamse regio Coronie berne dichter: “Er zijn maar weinig dichters voor wie leven, werkelijkheid en taal zo’n naadloos continuüm vormen als Michaël Slory. (…)

Al wat [hij] meemaakt, ziet, voelt, ruikt, leest of bedenkt zet zich om in poëtische taal. Neffens Van Kempen, dy’t ek de besoarger is fan Alsof men alles loslaat, hat it gjin doel om in opsomming te jaan fan alles Slory ta dichtsjen oansette kin. “Het kan alles zijn, van een palmboom tot een vuilniston.”

Wichtichste tema’s yn de dichter syn omfangryk oeuvre: de sosjale en politike aktualiteit yn Suriname en dêrbûten (Afrika, Vietnam), de natuer, de taal en de skjintme fan de swarte frou.

Ut de bondel Voorbij de laatste slag, voorbij de laatste stap it like lichte as majestueuze, Van Ostaijen-achtige gedicht ‘Javaans meisje’ (s. 17/18).

Javaans meisje

Het geklingel
van de gongs
hoor ik
in haar kuiten,
hoor ik
in haar lendenen,
in haar heupen.

Het geklingel
van de gongs
hoor ik
in haar haarwrong.

Neen,
de woorden
van dit lied
zijn niet verboden.

Maar al was dat zo,
het zou mij
niet doen besluiten
niet te schrijven
op het getingel
dat ik hoor
in haar huid

Haar bloed
in haar kuiten
dit lied
dat allang
in mij zong.
.

Meikoarten mear oer de dichter Michaël Slory, fan wa’t ek wurk komt te lêzen wêze sil yn de Surinaamsk–Fryske blomlêzing dy’t mei stipe fan ûnder mear Tresoar en Lân fan Taal yn de rin fan oare jier te ferskinen komt. It is ien fan de projekten yn it ramt fan it dichterskip fan Fryslân.

 

[Van de site Dichter fan Fryslân, 26-4-2018, poëzij © Eeltsje Hettinga.]

Your comment please...

  • RSS
  • Facebook
  • Twitter